Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 15 (van 15)
Aggie van der Meer Twa novellen
In moaie dei yn 'e hjerst - Wa rêdt Cesilia Tan
In moaie dei yn 'e hjerst Al te lang sil it net mear duorje dat se, op in moaie dei yn 'e hjerst, de dea yn 'e eagen sjocht. Foardat it te let is, fynt buorman, soe se noch opskriuwe moatte wat har yn it sin komt oer dat hele nijsgjirrige libben fan har. Om har sels hie it noch wol wat spannender kinnen; mar, seit buorman, it giet ek om al dy wûnderbaarlike dingen dy't noch alle dagen yn dyn holle omgean. Dy foaral. Wa rêdt Cesilia Tan It alderleafst lyts famke Cesilia Tan, dat alle manlju om har...
Westerlauwers Fries | 5 uur 50 minuten (504 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2024
Luisterboek (digitaal)
Jetske Bilker Spegel en sonde
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht...
Westerlauwers Fries | 11 uur 23 minuten (983 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2024
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries Covidwiksel
Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) letterlik as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn. It is in nuveraardich ferhaal oer wat der barre kin as yn in sikehûs in foutsje makke wurdt en je konfrontearre wurde mei in ferline fan in oar....
Westerlauwers Fries | 3 uur 44 minuten (322 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2023
Luisterboek (digitaal)
Ferdinand de Jong It dak fan de wrâld
'Wolst wat spannends mei my dwaan?' Op it momint dat ik it sei, wist ik dat dit net alhiel de goede wurdkar wie. 'Wat miensto wol net, it...' 'Nee, sa bedoel ik it net! Ik...' Sûnder fierder ôf te wachtsjen pandere se by de terp del en ferdwûn troch it getten izeren stek, my ferstuivere efterlittend. Mar moai dat se wie doe't se sa lilk fuortrûn! It dak fan de wrâld is de spannende twadde roman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt jim mei fan it Wâldster berchje oant de heechste berch fan...
Westerlauwers Fries | 7 uur 5 minuten (612 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Anneke Sieperda Omsjen
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Jan Schokker Kabel en tou
Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst...
Fictie
Westerlauwers Fries | 91 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Hilda Talsma Frisum Trilogy
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen....
Fictie
Westerlauwers Fries | 590 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Hilda Talsma Wyntrilogy
Bundeling van de drie skûtsjeromans van Hilda Talsma
Fictie
Westerlauwers Fries | 492 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Hilda Talsma De Onnie's en it hynstebal
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 241 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de winners
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de wierheid
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en...
Fictie
Westerlauwers Fries | 203 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Hilda Talsma Wyn fan feroaring
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op...
Fictie
Westerlauwers Fries | 243 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Hilda Talsma It geloksbern
Als een vrouw terugkomt uit het ziekenhuis, moet ze erg wennen aan het verzorgen van haar dochtertje.
Fictie
Westerlauwers Fries | 187 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Hilda Talsma Brekber
Een jonge vrouw heeft veel meer met paarden dan met mensen. Dan ontmoet ze een man die een heel andere kijk op paarden heeft.
Fictie
Westerlauwers Fries | 278 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book